"man" : 90 results during the last 30 days
Your search in 0.013 s
23 Nov 13 : 31 | Drugsdealer oppakt yn Drachten De plysje hat sneontejûn yn Drachten in 30-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden op fertinking fan it dealen yn drugs. De fertochte waard sjoen yn syn auto op de Noardkade. Troch syn gedrach tochten de plysjes dat de man drugs ferkocht. By kontrôle die bliken dat de man 40 gram speed en in... Source : Omrop Fryslân 6 hours ago |
23 Nov 13 : 29 | Wapene oerfal yn Ljouwert Twa wapene manlju ha sneontejûn in oerfal dien op in hoarekagelegenheid oan it Fliet yn Ljouwert. Om kertier oer achten kamen de manlju mei in wapen de coffeeshop binnen. De iene hold in personielslid ûnder skot, wylst de oare de kassa leechhelle. Ek waard der hasj en weed meinaam. In klant dy't... Source : Omrop Fryslân 6 hours ago |
23 Nov 13 : 08 | Mei drank op tsjin auto riden In 36-jierrige ynwenner fan De Gordyk is sneontejûn oanhâlden neidat er mei drank op tsjin in auto riden wie. Op de Heerenacker ried er tsjin in stilsteande auto. Tsjûgen seagen de man trochriden en warskôgen de plysje. Dy hold de man oan. Ut de blaastest die bliken dat de man tefolle dronken... Source : Omrop Fryslân 6 hours ago |
23 Nov 13 : 05 | Ungelokken troch winterwaar Troch it winterwaar fan dit wykein ha der ferskate oanridings west. Sneontemoarn rekke in bestjoerder (23) de macht oer it stjoer kwyt op de A7. De Snitser woe in frachtwein ynhelje mar rekke troch de glêde dyk yn in slip. De auto sloech oer de kop en kaam yn de berm. Hy is yn it sikehûs. Ek op... Source : Omrop Fryslân 6 hours ago |
23 Nov 12 : 57 | Aris ferliest fan Grins De basketballers fan Aris Friesland spilen sneon yn de Martiniplaza tsjin de Hanzevast Capitals út Grins. Foar in lytse twa-en-heal tûzen man waard it in spektakel fan de boppeste planke mei as einstân 103 - 101 foar Grins. En dat wylst Aris mei minder as in minút te spyljen noch fjouwer punten... Source : Omrop Fryslân 6 hours ago |
21 Nov 09 : 08 | Man rydt troch nei oanriding De plysje fan Drachten siket tsjûgen fan in oanriding, wêrby't de feroarsaker trochriden is. Dat wie tongersdei op de Boargemeester Wuitewei. In frou (29) op in brommobyl ried fan 'e Maarten Luther Kingsingel de rotonde mei de Wuiteweg op. Se waard dêr oanriden troch in auto. De bestjoerder... Source : Omrop Fryslân |
22 Nov 23 : 38 | Twente boartet mei Hearrenfean SC Hearrenfean hat sneontejûn in geweldich pak op 'e bealch krigen fan FC Twente. Yn Enschede einige de wedstriid tusken de twa subtoppers yn in 6-0 oerwinning foar de thúsploech. By it skoft wie it al 4-0. Grutte man oan de kant fan FC Twente wie Blaise N'Kufo. De oanfaller dy't dit seizoen noch... Source : Omrop Fryslân 20 hours ago |
16 Nov 14 : 41 | Man ûnder diskobus: dea In 44-jierrige fuotgonger út Winsum is yn de nacht fan sneon op snein om it libben kaam neidat er oanriden waard troch in diskobus. De bus wie ûnderweis op de Lutjelollumerwei by Tsjom doe't de 50-jierrige sjauffeur út Ljouwert in hurde klap hearde en stilhold. Hy seach it slachtoffer yn de... Source : Omrop Fryslân |
15 Nov 20 : 42 | SC Hearrenfean wint mei 10 man SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 3-2 fan FC Utrecht wûn. De ploech fan trainer Trond Sollied spile it grutste part fan de twadde helte mei tsien man fanwege in reade kaart (2x giel) foar Goran Popov yn de 50ste minút. Doe wie de stân al 3-2. Alle goals foelen yn de earste helte. Danijel... Source : Omrop Fryslân |
13 Nov 09 : 43 | Man mei fjoerwapen oppakt Yn Ljouwert is in 32-jierrige man oanhâlden op fertinking fan fjoerwapenbesit. In tsjûge trof by de fertochte in laden pistoal oan en hat dat de man ôfnaam. De tsjûge joech it pistoal oan de plysje. Dyselde jûn waard de fertochte oanhâlden yn syn wenning oan de Boksdoornstrjitte. Hy sit no... Source : Omrop Fryslân |
10 Nov 08 : 47 | Man klapt op bylzen In 35-jierrige man út De Knipe is sneintejûn yn syn wenplak ferwûne rekke doe't er in dykôfsetting oer de holle seach. De man ried op de Sechtjinroeden yn 'e rjochting fan Tsjalbert. De dyk wie foar in part ôfsetten mei bylzen. De man seach de bylzen te let en botste der fol tsjinoan. Troch... Source : Omrop Fryslân |
09 Nov 15 : 00 | Man swaait mei mes yn Harns De plysje ropt minsken op dy't sneontemiddei yn Harns bedrige binne troch in man mei in mes, om hjir oanjefte fan te dwaan. De man (38) út Harns rûn tusken 13.10 en 14.00 oere troch de Foarstrjitte mei in mes te swaaien. Hy bedrige meardere minsken. De warskôge plysje seach de man fuortrinnen op... Source : Omrop Fryslân |
21 Nov 08 : 23 | Yad Vashem foar Frieswijk Yn Drachten is tongersdei postúm in Yad Vashem ûnderskieding takend oan Ruurd Frieswyk en syn frou Ytsje. Sy ha yn de oarloch ûnderdak jûn oan in joadske man út Amsterdam. Dy moast yn 1943 flechtsje, doe't der yn de haadstêd in razzia hâlden waard. Syn heit en suster binne oppakt en om it... Source : Omrop Fryslân |
08 Nov 13 : 10 | Man tusken wâl en skip Oan de Harnzertrekwei yn Ljouwert is yn de nacht nei sneon in man tusken wâl en skip fallen. De 51-jierrige Ljouwerter hie spul krigen mei de 42-jierrige eigner fan it skip en wie dêrby oer board slein. De eigner sprong de man achternei, mar it slagge him net de man út it wetter te heljen. De... Source : Omrop Fryslân |
07 Nov 09 : 40 | Man fûn dy't zeppelin losliet De plysje hat de man opspoard dy't yn septimber in zeppelin fan de GGZ loslitten hat. De ballon wie in pear dagen poater. Yn in greide by Skearnegoutum is er weromfûn. De plysje kaam de man op it spoar troch in tip fan in tsjûge. Dy hie sjoen dat de man mei in pear oaren de zeppelin by it gebou... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 15 : 28 | Miljoeneskuld SamenZorg By thússoarchorganisaasje SamenZorg wurde moogik minsken twongen ûntslein, as gefolch fan in miljoeneskuld. By de organisaasje wurkje 550 minsken. Dêrfan wurket de helte yn Fryslân. SamenZorg kin yn ferban mei de jildproblemen net allinnich fierder. De klanten en alle personiel yn de soarch... Source : Omrop Fryslân |
03 Nov 19 : 58 | Man paad kwyt yn 't tsjuster De brânwacht fan Ternaard hat moandei oan it begjin fan de jûn op de seedyk by Wierum socht nei in man dy't it paad kwyt wie. De noch ûnbekende man wie bûtendyks oan it kuierjen en koe troch it donkere en wat mistige waar it paad net werom fine nei de seedyk. De brânwacht hat dêrop felle... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 09 : 40 | Ungelok by Tsjalhuzum In 69-jierrige man út Drachten is woansdei op de grutte dyk by Tsjalhuzum ferwûne rekke by in ûngelok. De man ried yn in bocht rjochtút en kaam fia in wâl op de ferkearde kant fan de dyk. In autobestjoerder dy't him yn de mjitte kaam, koe in frontale oanriding foarkomme, mar beide auto's... Source : Omrop Fryslân |
02 Nov 16 : 51 | Minsken wekker troch man Bewenners fan in wente oan de Kuperswei yn De Rottefalle skrokken sneontenacht doe't se samar in ûnbekende man yn har wenning seagen. Hoe't de man binnenkaam is, is net bekend mar hy hie dêrby wol de bewenners wekker makke. Dy binne de man noch achternei gien, mar krigen him net mear te pakken.... Source : Omrop Fryslân |
31 Oct 09 : 21 | Man ferwûne by stekpartij By in stekpartij yn Ljouwert is tongersdei in man (23) út de stêd ferwûne rekke. De plysje krige melding fan in stekpartij op de Salomonszegel. It slachtoffer wie al nei it sikehûs doe't de plysje der kaam. Neffens tsjûgen hie in twadde man (30) in mes lutsen en op it slachtoffer ynstutsen. ... Source : Omrop Fryslân |
29 Oct 09 : 34 | Man bedrige mei fjoerwapen In man (24) út Noardwâlde is bedrige mei in fjoerwapen. Tiisdeitenacht brocht er mei de auto kranten rûn. Hy waard op 'e Tynje op de krusing fan de Hanebuert mei de Dûker klemriden troch twa manlju yn in ljochtblauwe Opel Astra. De mannen stapten út, drukten him in fjoerwapen tsjin de holle en... Source : Omrop Fryslân |
19 Nov 08 : 47 | Rottumer swier mishannele De plysje hat in 19-jierrige ynwenner fan Sonnegea en fjouwer ynwenners fan Wolvegea oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling fan in 19-jierrige man út Rottum en in 21-jierrige ynwenner út Hoarnstersweach. Yn it wykein fan 9 en 10 novimber waarden de beide mannen nachts by in... Source : Omrop Fryslân |
18 Nov 15 : 41 | Eask: tolve jier foar moard Tsjin de man dy't fertocht wurdt fan it delstekken fan Niels Kooistra is tolve jier sel easke. De 18-jierrige Ljouwerter krige yn de nacht fan 1 op 2 augustus spul mei Kooistra en stuts him mei in mes. De 28-jierrige Kooistra rekke nei de stekpartij folslein ferlamme en lei twa wiken yn koma yn it... Source : Omrop Fryslân |
18 Nov 11 : 28 | Cambuurfans no ek yn útfak Troch de suksessen fan sc Cambuur liket it stadion te lyts. Der is safolle fraach nei kaarten foar de wedstriid tsjin Telstar, dat de direksje no besletten hat om Cambuurfans yn it útfak te pleatsen. Yn it útfak is plak foar 500 man wylst Telstar mar mei 60 supporters komt. Cambuur pleatst dy 60... Source : Omrop Fryslân |
18 Nov 09 : 55 | Kosmetikadief trapearre Yn in winkel oan 'e Nijstêd yn Ljouwert hat de plysje freedtemiddei in 22-jierrige ynwenner fan Curaçao oanhâlden. De man soe út 'e winkel wei doe't it alarm ôfgie. Doe't er op oanwizing fan stêdswachten nochris troch it poartsje moast, gie it alarm wer ôf. Yn 'e tas fan de fertochte waard... Source : Omrop Fryslân |
17 Nov 20 : 39 | Jong Cambuur bekert fierder Jong Cambuur hat moandei de bekerwedstriid tsjin Vitesse mei 4-3 wûn en dêrmei de folgjende ronde fan it bekertoernoai berikt. In knappe prestaasje fan de ploech dy't yn de kompetysje net sa geweldich draait. Cambuur hie genôch oan in lykspul, mar in oerwinning smakket fansels better. Cambuur... Source : Omrop Fryslân |
17 Nov 09 : 24 | Stapper fan Emmeloard ferwûne In man (20) fan Emmeloard is snein swier ferwûne oantroffen efter in skutting yn in steech by de Nijstêd yn Ljouwert. De man hie sneon op stap west mei freonen. Dy giene sûnder him nei hûs omdat se tochten dat hy al nei hûs ta gien wie. In Ljouwerter belle snein mei de plysje om't der frjemde... Source : Omrop Fryslân |
17 Nov 09 : 15 | Pony deariden by De Tynje Op de Warrewei by De Tynje is moandeitemoarn betiid in pony deariden. In man fan De Gordyk ried fan De Tynje nei Aldeboarn; it wie doe noch tsjuster. De pony stie ynienen foar him op de dyk. Hy koe net mear op tiid remje en in oanriding mei de pony wie it gefolch. De auto is swier skansearre... Source : Omrop Fryslân |
16 Nov 14 : 47 | Drugshannel yn Sint Anne In ynwenner (20) fan Sint Anne is yn de nacht nei snein yn in wenning oan De Piip oanholden foar drugshannel. In portier fan in hoarekasaak seach dat de man besocht minsken pillen te ferkeapjen en warskôge de plysje. De plysje seach de man de wenning ynrinnen en bellen dêr oan. Se waarden binnen... Source : Omrop Fryslân |
16 Nov 12 : 27 | Fytser (89) klapt op auto In 89-jierrige man út Harns is sneon ferwûne rekke nei't er op in auto klapte. Hy fytste op de Kimswerderwei yn Harns en woe de dyk oerstekke. Hy seach allinich de auto fan in 36-jierrige man út Winsum oer de holle. De fytser koe de auto net mear ûntwike en foel fan de fyts. Hy is mei... Source : Omrop Fryslân |
13 Nov 09 : 28 | Oplichters 75 fan saken oppakt Mei de oanhâlding fan in 44-jierrige frou en in 53-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, hat de plysje 75 oplichtingssaken oplost. De fertochten waarden socht foar oplichterij. Sa sliepten se yn hoarekasaken sûnder te beteljen. Ek lienden se jild fan minsken sûnder dat werom te... Source : Omrop Fryslân |
11 Nov 09 : 05 | Autobrân yn Wolvegea De brânwacht fan Wolvegea hat moandeitejûn in autobrân op de Lepeltsjesheide útmakke. De 27-jierrige eigner fan de auto seach út syn hûs wei dat syn auto yn 'e brân stie. De man hat de auto fan 'e oprit treaun en sels besocht it fjoer dat ûnder de motorkap weikaam, út te meitsjen. Doe't... Source : Omrop Fryslân |
10 Nov 08 : 59 | Oanriding troch drank In 49-jierrige man út Berltsum hat sneintejûn ûnder ynfloed fan drank in oanriding feroarsake yn Wergea. Nei't er út syn auto stapt wie om syn bumper wer yn te laden, ried hy fierder. In tsjûge belle de plysje, dy't de man op de Hendrik Algrawei oanhâlde koe. De man moast syn rydbewiis foar... Source : Omrop Fryslân |
09 Nov 14 : 57 | Auto yn sleat by A7 De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei in ûngelok dat op freedtejûn plakfûn hat op de A7 by Aldehaske. Trije manlju rekken dêrby ferwûne. De auto kaam troch noch ûnbekende reden by de oprit ta hichte fan Aldehaske op de kop yn de sleat telâne. De brânwacht moast op it plak komme om de twa... Source : Omrop Fryslân |
08 Nov 13 : 02 | Auto yn sleat op 'e Jouwer In 44-jierrige Sint Nykster is freedtemiddei op De Jouwer ferwûne rekke nei't er mei de auto fan de dyk rekke wie. Hy ried op de Seewei mei hege faasje rjochting de rotonde en is doe nei alle gedachten skrokken fan in tsjinlizzer. Dêrtroch makke er in ûnferwachte stjoerbeweging, rekke fan de dyk... Source : Omrop Fryslân |
06 Nov 09 : 45 | Fernielings en drugs Yn Stiens is woansdeitenacht in man fan 37 jier oanhâlden, omdat er it rút fan in hûs oan de Wumkesstrjitte fernield hie. De minsken dy't it sjoen hiene, koene de plysje fertelle hoe't de man derút seach. Op de Eekwerdlaan yn Boalsert is woansdeitenacht in man oanhâlden mei drugs op achter it... Source : Omrop Fryslân |
04 Nov 09 : 38 | Strjitrôvers yn It Fean oppakt De plysje hat twa froulju en in man oppakt foar in tal strjitrôven yn it sintrum fan It Hearrenfean. In 32-jierrige man koe as earste oanholden wurde. Hy frege in 85-jierrige frou fan It Hearrenfean oft se jild wikselje koe. In foarbygonger frege wat der oan de hân wie, wêrnei't de man... Source : Omrop Fryslân |
02 Nov 16 : 41 | Botsing mei ko op A32 In man (24) út Ermelo is sneintemoarn yn botsing kaam mei in losrinnende ko op de A32 by Haskerdiken. De ko wie tegearre mei 15 oaren ûntsnapt en wie op de grutte dyk bedarre. De automobilist besocht noch de kij te ûntwiken, mar rekke dochs ien fan har. De ko kaam dêrby om it libben. De... Source : Omrop Fryslân |
31 Oct 09 : 27 | Mei 164 km troch Goaiïngaryp De plysje hat tongersdei twa manlju bekeurd omdat se fierstente hurd rieden. Op de grutte dyk by de Jouwer waard in man út Boalsert trappeare, dy't 218 kilometer yn de oere ried, dêr't er 120 mocht. In man út Jirnsum waard ek op de bon slingere omdat er te fierstente hurd ried. De man hie op de... Source : Omrop Fryslân |
26 Oct 13 : 24 | Frou oanrand yn Ljouwert Op de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert is sneintemoarn betiid in 21-jierrige frou lestich fallen. De frou waard fan har fyts lutsen troch in man. Hy drukte har tsjin de grûn en gie boppe op har sitten. De frou koe de man yn syn finger bite wernei't er útnaaide. Der is noch socht nei de bedriger,... Source : Omrop Fryslân |
23 Oct 10 : 00 | Trochriden nei ûngelok De plysje is op syk nei in autobestjoerder dy't woansdei belutsen wie by in oanriding yn Easterwâlde. De man ried op de Boekhorsterwei in 34-jierrige fytster út Easterwâlde oan. Neffens de plysje omdat de auto op de ferkearde helte fan de dyk kaam, neidat de bestjoerder in bocht te rom naam hie.... Source : Omrop Fryslân |



