"wie" : 203 results during the last 30 days
Your search in 0.036 s
23 Nov 13 : 31 | Drugsdealer oppakt yn Drachten De plysje hat sneontejûn yn Drachten in 30-jierrige ynwenner fan dat plak oanholden op fertinking fan it dealen yn drugs. De fertochte waard sjoen yn syn auto op de Noardkade. Troch syn gedrach tochten de plysjes dat de man drugs ferkocht. By kontrôle die bliken dat de man 40 gram speed en in... Source : Omrop Fryslân 4 hours ago |
23 Nov 13 : 08 | Mei drank op tsjin auto riden In 36-jierrige ynwenner fan De Gordyk is sneontejûn oanhâlden neidat er mei drank op tsjin in auto riden wie. Op de Heerenacker ried er tsjin in stilsteande auto. Tsjûgen seagen de man trochriden en warskôgen de plysje. Dy hold de man oan. Ut de blaastest die bliken dat de man tefolle dronken... Source : Omrop Fryslân 5 hours ago |
23 Nov 12 : 57 | Aris ferliest fan Grins De basketballers fan Aris Friesland spilen sneon yn de Martiniplaza tsjin de Hanzevast Capitals út Grins. Foar in lytse twa-en-heal tûzen man waard it in spektakel fan de boppeste planke mei as einstân 103 - 101 foar Grins. En dat wylst Aris mei minder as in minút te spyljen noch fjouwer punten... Source : Omrop Fryslân 5 hours ago |
23 Nov 12 : 44 | Weriepening tsjerke Nijlân Yn Nijlân wurdt freed de restaurearre tsjerke iepene. It wurk oan de tsjerke duorre hast in jier ek koste 1,2 miljoen euro. De opknapbeurt wie nedich neidat de bûnte kjifkrobbe hast al it houtwurk oantaaste hie en ynstoartingsgefaar drige. In grut part fan it oarspronklike houtwurk moast... Source : Omrop Fryslân 5 hours ago |
22 Nov 23 : 38 | Twente boartet mei Hearrenfean SC Hearrenfean hat sneontejûn in geweldich pak op 'e bealch krigen fan FC Twente. Yn Enschede einige de wedstriid tusken de twa subtoppers yn in 6-0 oerwinning foar de thúsploech. By it skoft wie it al 4-0. Grutte man oan de kant fan FC Twente wie Blaise N'Kufo. De oanfaller dy't dit seizoen noch... Source : Omrop Fryslân 18 hours ago |
22 Nov 16 : 56 | Arsjitektuerpriis útrikt It nije kantoargebou fan wenningboukorporaasje Noardwest-Fryslân yn sint Anna hat de Fryske arsjitektuerpriis Vredeman de Vries wûn. De jury wie unanym oer it ûntwerp fan GDA Arsjitekten fan Burdaard. It wie it beste ûntwerp fan de fiif nominearren omdat de arsjitekt der, neffens de sjuery, yn... Source : Omrop Fryslân 25 hours ago |
22 Nov 15 : 32 | Elma de Vries 4e op 5000 meter Elma de Vries fan Meppel, earder fan De Haule, is sneon op de wrâldbekerwedstriden reedriden yn Moskou fjirde wurden op de 5000 meter yn de B-groep. Sy kaam oer de streek yn in tiid fan 7.15,55. Yn de A-groep wie de Dútske Claudia Pechstein de rapste yn 6.49,92. Gretha Smit wie de iennichste... Source : Omrop Fryslân 26 hours ago |
22 Nov 12 : 46 | Kontrôle slûpferkear Boksum By in kontrôle op de Nijlânsdyk by Boksum hat de plysje freedtemoarn yn fyftich minuten tiid fyftich oertreders oanhâlden. De dyk is sûnt in skoftke yn spitstiden sletten foar trochgeand ferkear. Doel fan de ôfsluting is it slûpferkear fan en nei Ljouwert tsjin te gean. Earder hat de plysje... Source : Omrop Fryslân 29 hours ago |
22 Nov 12 : 38 | Frou (50) tusken wâl en skip In 50-jierrige frou út Ljouwert is yn de nacht nei sneon tusken wâl en skip rekke op de Oostergrachtswal. De frou wie de hûn oan it útlitten doe't se oan de wetterkant har lykwicht ferlear. Se kaam tusken de kade en in wenskip telâne en koe sels de oardel meter hege muorre net opkomme. Twa... Source : Omrop Fryslân 29 hours ago |
21 Nov 09 : 25 | Omrop Fryslân op 1 by YouTube It Omrop Fryslân-kanaal op YouTube wie tongersdei it bêst besjoene YouTube-kanaal fan Nederlân. Mei in lytse 28.000 sjoggers skoarde Omrop Fryslân folle better as konkurrinten as Uitzending gemist en Eredivisie live. De grutte belangstelling wie benammen te tankjen oan it Hjoed-item 'Bleate... Source : Omrop Fryslân |
21 Nov 09 : 08 | Man rydt troch nei oanriding De plysje fan Drachten siket tsjûgen fan in oanriding, wêrby't de feroarsaker trochriden is. Dat wie tongersdei op de Boargemeester Wuitewei. In frou (29) op in brommobyl ried fan 'e Maarten Luther Kingsingel de rotonde mei de Wuiteweg op. Se waard dêr oanriden troch in auto. De bestjoerder... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 19 : 27 | 'Crone mei prate oer drugs' Boargemaster Crone fan Ljouwert mei yn Den Haach gewoan freegje om legalisearing fan softdrugs. Hy hannelt dêrmei neffens de winsken fan de gemeenteried. Dat seit de PvdA yn de stêd. De partij is fernuvere oer utspraken fan it CDA. Dy partij fynt just dat de boargemaster soks net sizze mei,... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 14 : 28 | Ferdieldheid komst 't Poortje De polityk is ferdield oer de komst fan jeugdfinzenis 't Poortje nei It Hearrenfean, mar in mearderheid fan de ried liket foar te wêzen. Sa die woansdeitejûn bliken op in byienkomst, dêr't riedsleden en bewenners meiïnoar praten oer 't Poortje. De massaal besochte byienkomst wie organisearre... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 14 : 34 | Fertochten rasisme al ferfolge De trije fertochten yn de rjochtsaak fan geweld en rasisme yn Balk wurde wol ferfolge. In jonge waard foarich jier oktober troch 3 man mishannele en in donker famke dat by him wie waard útskolden om har hûdskleur. Twa wike lyn gie de saak net troch, omdat bekend waard dat de plysje in... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 13 : 05 | Sportprojekt Impuls ôfrûn It breedtesportprojekt Impuls yn de gemeenten Hearrenfean, Skarsterlân, Lemsterlân en Snits hâldt op. Sân jier lang ha de 4 gemeenten gearwurke om mear minsken oan it sporten te krijen. It projekt is in grut sukses wurden. Doel fan de 4 gemeenten wie om de sportferienings op in heger nivo te... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 11 : 56 | Cambuur op oarlochssterkte De Cambuur-seleksje is wer hielendal fit. Foar de thúswedstriid fan freed tsjin Telstar kin trener Stanley Menzo wer in berop dwaan op oanfierder Rudy Jansen. Hy wie ferine wike net ynsetber. Ek Randy Rustenberg is wer fit. De ferdigener foel ferline wike yn de wedstriid tsjin MVV út mei in lichte... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 11 : 07 | Liften yn flats te lyts Nije flatgebouwen yn Fryslân moatte better boud wurde. Dat fynt teamlieder Peter Lips fan de ambulânsegroep yn Harns. Yn Drachten wie ferline wike tiisdei in 78-jierrige frou dy't net mei de brankaar nei it sikehûs koe, omdat de lift yn it gebou te lyts is. It soe gean om in probleem dat yn... Source : Omrop Fryslân |
20 Nov 09 : 03 | K.J. Bolt noch net yn Nederlân De Harnzer frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt is woansdei net oankommen yn Nederlân. Om't der in bemanningslid fan it fleantúch siik wie, woe de gesachsfierder Bolt en trije oare finzenen net meinimme. It begelieden fan finzenen op in flucht freget ekstra wurk en dêr is de folsleine bemanning fan... Source : Omrop Fryslân |
19 Nov 19 : 20 | Ferkeap pleats weromdraaid De gemeente Snits mei in pleats yn Offenwier net ferkeapje oan soarchgroep Tellens. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart pleit dat oanspand wie troch Vinea Vakanties. De rjochter fynt dat de proseduere foar de ferkeap net op in goeie wize ôfhannele is. Dy proseduere moat no opnij dien wurde en... Source : Omrop Fryslân |
19 Nov 16 : 29 | Nij sintrum yn Bilgaard iepen Yn de wyk Bilgaard is woansdei it nije multyfunksjoneel sintrum Ludingawaard offisjeel iepene. Dat is in grut gebou dêr't ferskate soarchynstellingen yn gearwurkje. Der wenje 48 minsken, mar der binne ek in protte dingen te dwaan foar de ynwenners fan de wyk. Twa jier lyn wie der in grutte brân... Source : Omrop Fryslân |
19 Nov 09 : 03 | Bon foar fertutearzjen bisten In 56-jierrige man fan It Hearrenfean is troch de plysje op 'e bon slingere, omdat er al langere tiid net goed op syn bisten paste. De pony's, geiten, skiep en kninen stiene yn in stik lân oan de Polderdyk op It Fean en binne no troch de plysje yn beslach nommen. Ien fan de pony's rûn al in pear... Source : Omrop Fryslân |
18 Nov 14 : 51 | Tsjerketoer Doanjum opknapt De restauraasje fan de tsjerketoer fan Doanjum is tiisdeitemiddei ôfsletten mei in hichtepunt. It hoantsje waard wer boppe op de toer delset. Der wie in soad mis mei de toer. Sa binne de wizerplaten fan it oerwurk ferfongen en hat de toer in nij dakbeskot krige. De restauraasje hat sawat 200.000... Source : Omrop Fryslân |
18 Nov 05 : 35 | Brân yn Ljouwerter studintehûs In útslaande brân hat fannemoarn betiid it solderappartemint fan in studintepand oan de Bote van Bolsertstrjitte yn Ljouwert yn de jiske lein. De brân wie even nei fjouweren. De goed tritich bewenners fan de eardere Menno van Coehoornskoalle moasten har bêd út en waarden by buorlju opfongen.... Source : Omrop Fryslân |
17 Nov 09 : 15 | Pony deariden by De Tynje Op de Warrewei by De Tynje is moandeitemoarn betiid in pony deariden. In man fan De Gordyk ried fan De Tynje nei Aldeboarn; it wie doe noch tsjuster. De pony stie ynienen foar him op de dyk. Hy koe net mear op tiid remje en in oanriding mei de pony wie it gefolch. De auto is swier skansearre... Source : Omrop Fryslân |
16 Nov 15 : 18 | De Jouwer wint mei 1-0 Sneinshaadklasser De Jouwer hat yn in strieminne wedstriid yn Meppel mei 1-0 wûn fan Alcides. It iennichste hichtepunt fan de wedstriid wie it doelpunt fan Shutlan Axwijk. Hy soarge derfoar dat in corner der yn ien kear yn waaide. Elkenien wie bliid dat de wedstriid ôfrûn wie. By de wedstriid... Source : Omrop Fryslân |
16 Nov 12 : 32 | Tsjin lantearnepeal oanriden In 26-jierrige Ljouwerter is sneontenacht syn rydbewiis kwytrekke nei't er tsjin in lantearnepeal yn 'e stêd oanriden wie. De man hie tefolle drank op. Hy rekke net ferwûne, mar waard wol nei it sikehûs brocht. Doe't de plysje nammentlik by de man oankaam, lei er op de grûn en klage er oer in... Source : Omrop Fryslân |
15 Nov 16 : 57 | Harkemase Boys wint fan ONS De streekderby sneon tusken ONS Snits en Harkemase Boys hat eins nea in wedstriid west. De Harekiten wiene folle better as de Snitsers en wûnen dan ek maklik mei 4-0. De wedstriid wie foar it skoft al beslikke troch twa doelpunten fan Martijn Barto. Yn de 80e minút wie it deselde Martijn Barto... Source : Omrop Fryslân |
15 Nov 11 : 32 | Earste part fiadukt oerein It earste part fan it nije houten fiadukt oer de rûnwei fan Snits stiet rjocht oerein. Sneontemoarn waard opnij besocht om it fiadukt ynelkoar te setten. Eins soe it fiadukt freed al te plak teakele wurde mei grutte kranen, mar dat slagge doe net. Foar dy kranen wiene ekstra kontragewichten nedich... Source : Omrop Fryslân |
14 Nov 20 : 35 | Ferslavingssoarch foldocht It helpen fan jongeren mei in drank- en drugsferslaving yn de Súdwesthoeke slagget goed. De ferskate ynstânsjes dy't har dêrmei dwaande hâlde witte elkoar goed te finen. Dat soarget dermei foar dat der minder jongeren sûnder diploma fan skoalle geane. Dat wie de konklúzje juster by in... Source : Omrop Fryslân |
14 Nov 15 : 48 | Thijsje Oenema 17e op 500 m Dit wykein wurde yn Thialf op It Hearrenfean Wordlcupwedstriden ferriden. By de froulju einige Thijsje Oenema fan De Jouwer freed op de 500 meter op it 17e plak yn 39,48. Se docht dit jier foar it earst mei. Bêste Nederlânske wie Annette Gerritsen. De Sineeske Beixing Wang, in pupil fan... Source : Omrop Fryslân |
14 Nov 09 : 20 | Kontrôle iepenbier ferfier De provinsje sjocht gjin reden om syn kontrôle op it iepenbier ferfier oan te passen. Neffens de ChristenUnie wist ferfiersbedriuw Connexxion dat de provinsje yn oktober kontrolearje soe oft de bussen wol op tiid ride. It bedriuw stjoerde dêrnei de sjauffeurs in brief om dêr goed om te tinken. De... Source : Omrop Fryslân |
13 Nov 09 : 34 | Oerfal coffeeshop Ljouwert Trije manlju hawwe woansdei in coffeeshop oan it Herenwaltje yn Ljouwert oerfallen. Sawat kertier foar tolven kamen de fertochten de saak yn. Ien fan har hie in fjoerwapen yn 'e hân en bedrige dêrmei de eksploitant en de besikers. De manlju fregen jild. De klanten moasten de bûsen leech meitsje... Source : Omrop Fryslân |
12 Nov 21 : 10 | Hearrenfean fierder yn beker Sportklub Hearrenfean is in ronde fierder yn it nasjonale bekertoernoai. De amateurs fan Haaglandia waarden mei 7-0 oan kant setten. By it skoft wie de stân al 5-0 troch goals fan Christian Grindheim, Bonaventure Kalou en Danijel Pranjic, dy't trije kear skoarde. Yn de twadde helte makken Tarik... Source : Omrop Fryslân |
12 Nov 09 : 36 | Bonifatiusprojekt mislearre It Bonifatiusprojekt yn Dokkum is mislearre, mar moat noch wol betelle wurde. It projekt wie bedoeld om risikojongeren tusken de 16 en 25 jier te begelieden. Oanlieding foar it projekt wiene de ûngeregeldheden by it AZC fan Dokkum yn 2003. Yn it projekt wie plak foar 20 jongeren, mar der hawwe mar... Source : Omrop Fryslân |
11 Nov 10 : 48 | Priis slachtskiep leech De prizen fan slachtskiep op de feemerk yn Ljouwert wiene tiisdei folle leger as oars. By in boer yn it doarpke Basse, flak oer de grins by Oerisel, is de nijste fariant fan blautonge konstatearre. It ministearje fan Lânbou hat derom it hiele Noarden en Midden fan Nederlân útroppen ta... Source : Omrop Fryslân |
10 Nov 08 : 47 | Man klapt op bylzen In 35-jierrige man út De Knipe is sneintejûn yn syn wenplak ferwûne rekke doe't er in dykôfsetting oer de holle seach. De man ried op de Sechtjinroeden yn 'e rjochting fan Tsjalbert. De dyk wie foar in part ôfsetten mei bylzen. De man seach de bylzen te let en botste der fol tsjinoan. Troch... Source : Omrop Fryslân |
09 Nov 07 : 52 | Brânwachtkorps krijt oarkonde It folsleine brânwachtkorps fan Skerpenseel hat sneontejûn in oarkonde krigen foar de rêding fan in frou út Langelille. De brânwachtminsken ha har it libben rêden, doe't sij yn febrewaris mei har auto yn it wetter riden wie. De frou hie al fjouwer oeren yn it iiskâlde wetter lein en wie slim... Source : Omrop Fryslân |
08 Nov 13 : 02 | Auto yn sleat op 'e Jouwer In 44-jierrige Sint Nykster is freedtemiddei op De Jouwer ferwûne rekke nei't er mei de auto fan de dyk rekke wie. Hy ried op de Seewei mei hege faasje rjochting de rotonde en is doe nei alle gedachten skrokken fan in tsjinlizzer. Dêrtroch makke er in ûnferwachte stjoerbeweging, rekke fan de dyk... Source : Omrop Fryslân |
06 Nov 09 : 01 | Soad jirpels foar Voedselbank De Voedselbank fan Ljouwert sit de kommende tiid rom yn de jirpels. De tradisjonele ynsammeljûn fan de Protestânske gemeente yn Kollum smiet woansdei goed 400 kilo jirpels op. Leden fan dy gemeente krigen yn maart by de Biddei in setjirpel. Doel wie om dy te plantsjen en de jirpels dy't der oan... Source : Omrop Fryslân |
04 Nov 21 : 37 | Ljouwert feiliger en sosjaler Ynwenners fan Ljouwert fiele har feiliger, de omgong tusken wykbewenners wurdt nofliker en it tal húshâldens mei hege -en middenynkommens yn de stêd giet omheech. Dat docht bliken út in ûndersyk. Gemiddeld jouwe de Ljouwerters in 7,3 foar de feiligens. Twa jier werom wie dat noch in 6,7. De... Source : Omrop Fryslân |
02 Nov 12 : 19 | Mei 126 km oer Ofslútdyk Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân is sneontemiddei in man út Beverwyk syn rydbewiis kwytrekke, omdat er fierstente hurd ried. Hy ried by de plysjekontrole lâns mei in snelheid fan 126 kilometer yn de oere, wylst dêr by Koarnwertersân mar 70 riden wurde mei. As der mear as 50 kilometer te... Source : Omrop Fryslân |
30 Oct 21 : 57 | Aris stunt yn Den Bosch De basketballers fan Aris Friesland soargen tongersdeitejûn foar in stunt. Yn Den Bosch waard fjirtjinfâldich lânskampioen EiffelTowers mei 73-72 ferslein. Aris hat in gearwurkingsferbân mei de ploech út Den Bosch. Yn de Maaspoort waard dan ek al praat fan 'broedermoord'. Aris spile frivoal en... Source : Omrop Fryslân |



